Sykaksje op Snitsermar

23 jun 2012 - 11:42

De plysje is op syk nei in 36-jierrige frou út Seisbierrum. Se rûn freedjûn oerémis fuort út it hûs fan har mem. Dy wennet yn Terherne. Sûnt dy tiid is se net mear sjoen. De plysje siket op 't heden mei in boat fan de KLPD en in speurhûn op en by de Snitsermar. Der is ek in boargernetaksje opset. In helikopter docht ek mei oan de sykaksje.

It giet om in meagere frou mei lang ljocht hier. Se hie in donkerblauwe jas en in swarte broek oan.

(advertinsje)