Aksje foar nij rolstoelpaad

Yn de bosk by Beetstersweach moat in rolstoelpaad komme. Dêrfoar is freed in bedrach fan 3500 euro by-inoar brocht op in fytsmaraton. Reedrydtrainer en ynwenner fan Beetstersweach Wopke de Vegt joech it startskot. Om sân oere jûns stapte de lêste fytser ôf.
Der is mei-inoar oardel ton nedich foar it paad. Takom wike wurdt der ek noch fytst yn Frankryk. Dêr sil de Mont Ventoux beklommen wurde. Dat smyt nei alle gedachten 25.000 euro op. Yn de rin fan de tiid sille noch mear aksjes betocht
wurde.