Hokatex Ljouwert giet ticht

23 jun 2012 - 10:09

Waskerij Initial Hokatex yn Ljouwert giet ticht. Takom jier maaie slút it bedriuw de doarren. Dêrmei krije hûndert wurknimmers dien. In stik of tritich sjauffeurs soene harren baan hâlde kinne. De wurknimmers krigen it nijs freedtemiddei te hearren fan de haaddirekteur. It kaam hurd oan, omdat it folslein ûnferwachts wie.

De festigingen yn Alkmaar, Den Bosch en Deventer nimme de produksje oer. De grutwaskerij yn Ljouwert stiet oan de Tynjedyk en kin dêr net groeie. Dat soe ien fan de redenen wêze om it bedriuw te sluten.

Fakbûn FNV wie op de hichte fan de reorganisaasje by Hokatex en is derom net ferrast oer it beslút de festiging yn Ljouwert te sluten. Der is de ôfrûne jierren amper ynvestearre yn it fabryk. De fakbûnen sille de komende wike mei de direksje om de tafel om op te kommen foar de meiwurkers dy't dien krije. De wurknimmers hearden it nijs fan de sluting earder dizze wike. Se hiene it minne nijs alhiel net ferwachte. Wethâlder Deinum fan Ljouwert komt de sluting ek oer it mad. Hy sei dat it haadkantoar yn Londen samar ynienen it fabryk tichthawwe wol. Der wie wol sprake fan dat de haaddireksje de dingen oars organisearje woe, mar net dat der in sluting oan siet te kommen. Mei de direksje yn Ljouwert hat Deinum ek noch oerlein oer in oare lokaasje dêr't it bedriuw wol útwreidzje kin. Deinum leit him net by de sluting del. Hy sil moandei mei de direksje en de fakbûnen prate.

(advertinsje)
(advertinsje)