De Posthoorn wint regiopriis

23 jun 2012 - 09:54

Hotel-kafee-restaurant De Posthoorn út Dokkum is winner wurden fan de 4e ûndernimmerspriis 2012 yn noardeast Fryslân. Dat is juster bekendmakke troch de sjuery. De Posthoorn wint in mediabudzjet fan 3500 euro en de Bonifatius-wikselbokaal makke troch keunstner Hans Jouta. Vellema yntallaazjetechnyk út Hallum en Faber Telecom en Data út Dokkum wiene de oare beide gadingmakkers.

(advertinsje)