Selstraf easke foar oerfallen

03 nov 2011 - 11:45

Tsjin de 20-jierrige fertochte fan fjouwer gewelddiedige oerfallen is tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert 7 jier sel easke, tsjin de 19-jierrige 9 jier. De twa Wolvegeasters wurde derfan fertocht dat se ein 2010 ûnder oare in snackbar yn Aldskoat oerfallen ha en in man út De Gordyk út syn auto lutsen en bedrige ha. Se brûkten dêrby ferskate messen, wêrûnder in machete. Justysje rekkenet har it geweld swier oan. De beide mannen ûntkenne.

(advertinsje)
(advertinsje)