Wommels wint IFK Jeu de Pelote

23 jun 2012 - 08:11

Wommels hat freedtejûn de finale fan it 14e iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens wûn. Tsjinstanner Winsum waard mei 10-5 ferslein. It wie in finale mei in soad wyn en dat makke de wedstriid swier foar beide ploegen.

De organisaasje is fierders tefreden oer it ferrin fan it kampioenskip, al wiene der wol twa ploegen minder yn fergelyk mei ferline jier. Takom jier wurdt ekstra útpakt yn ferbân mei de 15e edysje.

Trefwurden: 
kampioenskip Jeu de Pelote
(advertinsje)