Harnzer frou mishannele

22 jun 2012 - 21:26

De plysje fertinkt in 23-jierrige ynwenner fan Harns fan mishanneling en húslik geweld. De man soe freed neffens tsjûgen syn 19-jierrige freondinne in hûs ynlutsen hawwe en har dêr skopt en slein hawwe. De tsjûgen warskôgen dêrop de plysje.

Doe't plysjes by it hûs oankamen seagen se de frou op bleate fuotten op strjitte rinnen. It die bliken dat se ferskate klachten hie en is dêrom mei de ambulânse foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De man koe letter op 'e dei yn it hûs oanhâlden wurde. Hy is foar fierder ûndersyk fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Harns mishanneling freondinne
(advertinsje)