Rûnwei Frjentsjer iepene

Nei tsien jier tarieding is freed yn Frjentsjer de súdlike rûnwei iepene. De oanlis fan de dyk, dy't foarkomt dat ferkear fan Winsum nei Harns troch de stêd hinne moat, hat in soad argewaasje opsmiten. Earst woe ProRail dat der in fiadukt oer it spoar Ljouwert-Harns kaam, wylst dêr net op rekkene wie. Doe't dat finansjeel dochs klear kaam, woe in boer syn lân net ferkeapje foar de oanlis. Uteinlik hat de Ried fan Steat bepaald dat dat wol moast.
De dyk waard iepene troch deputearre Poepjes en wethâlder Bekkema.