Bram Bonnema nije foarsitter fan it Keatsmuseum
Bram Bonnema fan Frjentsjer is de nije foarsitter fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer. Hy folget Jan Hiemstra op dy't yn novimber 2017 ôfskie nommen hat. Bonnema wie al foarsitter fan de ferieniging "Vrienden van het Kaatsmuseum" en is dus goed op de hichte mei alles wat it Keatsmuseum oanbelanget.
Arranzjeminten
De nije foarsitter wol it Keatsmuseum mei help fan bestjoer en frijwilligers fierder útbouwe. Sa wurdt tocht oan arranzjeminten yn kombinaasje mei in besite oan it Keatsmuseum. Ek wol it museum sprekkers út de sport- en keatswrâld útnûgje om harren ferhaal te fertellen.
Ald-foarsitter Jan Hiemstra bliuwt by it Keatsmuseum belutsen. Hy is beneamd ta ambassadeur fan it museum en is beskikber om it belang dêrfan breed út te dragen.