Gjin Friezen list GroenLinks

22 jun 2012 - 20:05

Der steane gjin Friezen op de konsept-kandidatelist fan GroenLinks foar de kommende Twadde Keamerferkiezings. Ek de oare noardlike provinsjes binne amper fertsjintwurdige. De earste Drint stiet op nûmer 22.

GrienLinks-steatelid Irona Groeneveld fynt it spitich dat der gjin Friezen op de list stean. Sy wol fan it partijbestjoer witte oft der wol Friezen har oanmeld hiene en wêrom't dy dan ôffallen binne.

Mooglik komt Groeneveld sels noch wol op de list. Se wurdt dan listtriuwer en kin allinne mei genôch foarkarstimmen yn de keamer komme.

(advertinsje)