Demonstraasje Mauro útsteld

03 nov 2011 - 11:52

De Fryske studinte Francine IJkema út Ljouwert hat de demonstraasje om Mauro yn Nederlân te hâlden útsteld. Se wie fan doel om no sneon op it Malieveld yn Den Haach in grutte demonstraasje te organisearjen.

De 18-jierrige Mauro út Angola mei no in stúdzjefisum oanfreegje. As dat takend wurdt kin de jonge, dy't hjir al acht jier wennet, yn Nederlân bliuwe. IJkema wol no ôfwachtsje oft Mauro sa'n fisum oanfreegje sil.

(advertinsje)
(advertinsje)