Ferwûne by keapjen fiskje

22 jun 2012 - 19:52

In ynwenner (53) fan Nieuw-Weerdinge is freed ferwûne rekke by it keapjen fan in fiskje. De man wie by in fiskkream yn Strobos út de auto stapt. Doe't er nei de kream rûn ûntduts er dat syn auto begûn te rôljen omdat er net op 'e hânrem stie.

De man besocht dêrop de auto tsjin te hâlden. Dat slagge net, wêrby't de man tusken de auto en de fiskkream bedarre en de foet bruts. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)