Problemen troch hurde wyn

22 jun 2012 - 19:34

Helpferlieners hawwe freed oan it begjin fan de jûn op twa Fryske wetters boatsjefarders helpe moatten dy't yn 'e problemen rekke wienen troch de hurde wyn. By De Gaastmar rekke in boat mei twa opfarrenden stjoerleas en kaam fêst te sitten. Op de Langwarder Wielen barde mei in boat mei fjouwer opfarrenden it selde. Yn beide gefallen koene de boaten frij flot wer los lutsen wurde.

Ek op 'e fêste wâl ûntstienen problemen troch de wyn. Op de N381 soarge in omwaaid ferkearsboerd foar opûnthâld, yn Surhústerfean die in omwaaide beam dat.

Yn gjin fan de gefallen rekken der minsken ferwûne.

(advertinsje)