Welmoed Sijtsma: Diktee giet oer ûnwennigens nei Fryslân

28 maaie 2018 - 14:27

Oer in pear wiken is it safier: it Grut Frysk Diktee. Op 21 juny moat it hiele Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert fol sitte mei skriuwende minsken. De tekst komt dit jier fan Welmoed Sijtsma, presintator fan it Jeugdjournaal.

Foto: ANP

Se moast de Fryske boeken wer efkes goed bestudearje, want it Frysk is wat 'rustich' wurden no't se de grinzen oer gien is. Tsjin it Grut Frysk Diktee koe se gjin nee sizze.

Ik bin ûnwennich fan Fryslân.

Welmoed Sijtsma

Welmoed Sijtsma

"Ik ha it idee al yn de holle, mar no moat it noch op papier. Ik hâld it ticht by mysels en ha it oer Friezen om utens, oer mysels dus. En dat ik ûnwennich fan Fryslân bin en sa no en dan werom moat. De tekst mei net te lang wêze, mar twahûndert wurden, dus dat is net folle."

Ast noch meidwaan wolst mei it Grut Frysk Diktee, dan kinst dy no noch opjaan op Fryskdiktee.nl, mei it formulier dat op de webside stiet.

(advertinsje)