Pikeboeren skrikke fan nije fipronyl-melding

De skrik sit der goed yn by de pikeboeren. Njoggen moanne nei it fipronyl-drama fan de ôfrûne simmer is der op 'e nij fipronyl oantroffen op in bedriuw yn Twente. Bûtendoar, op in bedriuw dat al earder frijjûn wie troch de NVWA. By dit bedriuw binne trijetûzen hinnen romme en 45.000 aaien ferneatige.
Pikeboeren skrikke fan nije fipronyl-melding
Neffens foarsitter Piet Faber fan de sektor plomfeehâlderij fan NLTO is it in drama dat op in bedriuw dat earder skjin ferklearre wie, dochs wer fipronyl oantroffen is. Faber tekenet der by oan dat op hast alle fipronylbedriuwen fan ferline jier frijjûn binne. Fryske pikeboeren bot skrokken fan de nije melding, Sy woene graach it fipronyl-drama achter harren litte en wurde der no mei konfrontearre dat it risiko - blykber - dochs noch net definityf fuort is.
It bedriuw fan Piet Faber by Nijeberkeap © Omrop Fryslân

Sels foar skea opdraaie

De fipronyl-affêre hat de troffen pikeboeren ferline jier yn trochsneed tsientûzenen euro's koste. Foar dy skea draaie se sels op, want yn tsjinstelling ta België is de Nederlânske oerheid de pikeboeren net temjitte kaam. De pikeboeren fûnen boppedat dat de NVWA foar ûnnedige panyk soarge troch te warskôgjen foar de risiko's fan it iten fan besmette aaien, wylst dat risiko eins mar hiel lyts wie. Sûnt dy tiid wurdt der hiel strang kontrolearre troch de NVWA en is it betrouwen yn de sektor wer weromkommen. De nije fipronylmelding komt de pikeboeren dêrom min út.
Piet Faber fan LTO Noard oer de nije fipronylmelding
Piet Faber fan NLTO giet der fan út dat nije fipronyl-melding gjin nije besmetting is, mar 'in sturtsje' fan de besmetting fan ferline jier. De troffen boer giet der fan út dat der mooglik noch fipronyl yn de grûn siet fan it lân dêr't syn hinnen rûnen. Dy mooglike oarsaak is ferrassend, want oant no ta waard foaral de fipronyl-besmetting yn 'e stâl as it grutste risiko sjoen, omdat fipronyl bûtendoar flugger ôfbrekt. De hinnen fan de boer rûnen noch mar in pear wike bûtendoar. De ôfrûne moannen jildde yn it gebiet noch de ophokplicht fanwege de fûgelgryp.