Bylden fan ynbrekkers Poiesz yn Ljouwert online set

28 maaie 2018 - 13:54
Foto: Plysje

De plysje Noard-Nederlân hat bylden nei bûten brocht fan in ynbraak by in supermerk begjin april yn Ljouwert.

Twa fertochten hawwe by in Poiesz-supermerk yn Ljouwert ynbrutsen. Sawol op 3 as op 15 april hat deselde ynbrekker smokersguod stellen by de supermerk. Dêrby waarden de doarren iepenmakke mei in brekizer.

De twadde kear krige de ynbrekker help fan in oar, doe waard ek in kret bier stellen. Ien fan de ynbrekkers sprong oer de servicebaly, bruts in kast iepen en naam smokersguod mei.

Trefwurden: 
Wilgenstraat ynbraak Poiesz
(advertinsje)
(advertinsje)