UPDATE: Slachtoffer (92) oanriding Reinder Buysingwei is ferstoarn

28 maaie 2018 - 13:46

By in ûngelok op de Reinder Buysingwei yn Ljouwert is in frou fan 92 jier ferstoarn. Dat lit de plysje witte. De frou waard oanriden troch in frachtwein. Hoe't dat gebeure koe, wurdt noch ûndersocht troch de plysje. Der binne meardere ynstânsjes ynskeakele foar de helpferliening.

(advertinsje)
(advertinsje)