Túntips fan Klaas Piekstra foar de tún yn dizze drûge tiid

It is al dagen moai waar, hearlik fansels, mar de tún hat der wol ûnder te lijen. Wat kinne je deroan dwaan? Túnman Klaas Piekstra wit ried.

Tip 1: Sjoch of fiel oft de grûn wetter nedich hat.
It boppeste laachje grûn liket wol drûch, mar dêrom hoecht it noch net yn de grûn drûch te wêzen. Helje de boppeste laach fan de grûn fuort. Meitsje mei in túnskep of in túnboar in gat fan sa'n tsien sintimeter. Helje der wat grûn út en knyp dy bymekoar. As it klútsje hiel bliuwt, is it wiet genôch. Falt de klút yn trije of mear stikken útelkoar, dan moatst wetter jaan.
Tip 2: Jou dyn tún en dyn planten moarns en jûns wetter.
Planten en de grûn nimme it wetter dan folle better op as oerdeis mei in protte sinne. Sa binne je wis fan dat se genôch wetter krije. En sa foarkomme je ek dat je te faak wetter jouwe. Mocht de grûn oerdeis dochs wetter nedich ha, jou dan wat langer wetter, sadat net allinne it boppeste laachje wetter krijt. It wetter moat goed trochkringe nei ûnderen ta. En wachtsje dan oantdat de grûn wer wetter nedich hat (sjoch tip 1).
Tip 3: Set de plant of blom dochs yn it skaad as er de waarmte net oan kin.
Guon planten rêde it dochs net mei allinne moarns en jûns wetter. Set se dan toch mar yn it skaad. Oars is it skande fan de plant.
Tip 4: Plantsje gjin nije planten of blommen op in plak dêr't de measte sinne op stiet oerdeis.
Sa joust de plant of blom eins gjin kâns. It siedsje moat net tefolle wetter krije yn it begjin. Plantsje bygelyks blommen earst yn it skaad en ferplantsje as it plantsje der klear foar is.

Feit of fabel?

As it in waarme dei is, moatte je de planten en blommen oerdeis gjin wetter jaan, se kinne dan ferbaarne.
Fabel! Plantsjes ferbaarne net. Oerdeis mei in protte sinne ferdampt in soad wetter. Sa krijt de plant dus minder wetter en kinne de bledsjes fan de plant hingjen gean.
Klaas Piekstra jout túntips
Klaas Piekstra © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol