Wetterplysje bekeurt boatsjefarders

28 maaie 2018 - 12:59

De wetterplysje hat fan 't wykein wer meardere boeten útdield. It giet om njoggen bekeurings foar boatsjefarders yn de omkriten fan Drachten, Burgum en Earnewâld. Fjouwer kear wie der sprake fan in snelheidsoertreding, twa bestjoerders koene gjin farbewiis sjen litte, twa kear wie der gjin rêdingsfest oan board en by ien rappe motorboat ûntbruts de registraasje.

Ek yn de omkriten fan Ljouwert, Eastermar en Jirnsum wie de wetterplysje aktyf. Dêr waarden benammen minsken beboete dy't te hurd farden.

By it surveillearjen kaam de wetterplysje ek noch in bysûndere boat tsjin:

(advertinsje)