Fûgelopfang kriget soad nêsten mei blaumieskes binnen

Fugelopfang-kriget-soad-nesten-mei-blaumie-FNO180528WF.transfer
By opfang Fûgelhelling wurde de lêste tiid in soad nêsten mei jonge blaumieskes binnen brocht. De lêste wiken binne it der folle mear as oare jierren. Neffens meiwurkers fan de fûgelopfang leit de oarsaak benammen yn it waarme waar. "As ien fan de âldere fûgels dea giet, ferlit de oar it nêst," seit in meiwurker fan de opfang.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Gif

Der binne ek ferhalen dat de fûgels deagean troch it brûken fan bestridingsmiddels. Benammen it middel tsjin de Buxusmot soe gefaarlik wêze foar de blaumieskes. Neffens Hetty Sinnema fan de fûgelopfang is dêr gjin bewiis foar, mar soe dat in mooglikheid wêze kinne.
Sinnema warskôget dat minsken net te gau jonge blaumieskes nei de opfang bringe moatte. Faak is ien fan de âlden noch wol yn libben. Yn dat gefal soe dy in hantsje holpen wurde kinne troch geregeld de jongen in mingsel fan ynsekten te jaan.
Hetty Sinnema fan de fûgelopfang

Biologysk bestridingsmiddel

Der is in biologysk bestridingsmiddel foar de Buxusmot: in ein. De flesse-ein (Indische loopeend) is gek op de Buxusmot. Mei syn lange nekke fret it bist se sa út de hagen.