Resinsje: Ontwakend Landschap: in ekspedysje yn de Fryske natuer

Recensie: Ontwakend Landschap: een expeditie in de Friese natuur
Wa bisto?
Johanna Brinkman.
Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?
Ik bin ferslachjouwer en buroredakteur.
Wat hasto mei kultuer?
Ik ha in eftergrûn yn kulturele antropology, wêrtroch't ik it nijsgjirrich fyn om minsken en harren kultueren te begripen en te sjen hoe't se inoar beynfloedzje. Troch dêr iepen foar te stean, sjogge je folle mear.
Wêr hast hinne west?
Ontwakend Langschap; in produksje fan Pier21, Kening fan 'e Greide en Slow Food Youth Network Fryslân. Lokaasje: Nasjonaal Park de Alde Feanen.
Hoefolle stjerren?
Fjouwer.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De skjintme fan it Fryske lânskip sjoch ik alle dagen om my hinne. Yn de auto ûnderweis nei myn wurk kom ik by de Tsjûkemar del en as ik by myn hynder bin, stean ik mei de learzens midden yn de Fryske greide. Mar besef ik it wol echt? Sjoch ik wol goed? Sjoch ik wol dat it Fryske wide lânskip yn de wikseljende tiden fan it jier mei alle fûgels en planten? Miskien bin ik der al tefolle oan wend rekke en is de skjintme fan it Fryske lânskip in fanselssprekkendheid wurden. Fryslân is ommers de moaiste provinsje fan it lân, sa sizze in soad minsken al jierren. Troch Lonely Planet ûnderwilens oanmurken as in 'ferburgen pearel'. Dat witte de Friezen ommers allang.
Mar der is in ferskil tusken it lânskip kenne, wurdearje, derfan hâlde en it ek echt sjen, rûke, fiele en priuwe. Underfine hoe't de Fryske kultuer en natuer by elkoar komme. De ekspedysje Ontwakend Landschap biedt dy ûnderfining, lykas se sels sizze, in 'ultime belibbing' fan tolve oeren lang middenyn de Fryske natuer. It lânskipsaventoer begjint yn de jûn en soarget nei in oernachting yn in tinte foar in bysûnder begjin fan de dei. It is in kado fan it lânskip en syn bewenners, mar lit dêrneist ek de kwetsberheid fan it lân sjen.
© Ontwakend Landschap

In neare nacht

It Nationaal Park de Alde Feanen is dit wykein it haadplak fan it lanlike natuerfestival Fête de la Nature. Op it programma stiet fan freed op sneon de ekspedysje Ontwakend Landschap. Dit ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd is foarich jier al begûn, mar is no foar it earst yn 2018.
Fan aktiviteitebuorkerij De Wartenster rinne we mei in groepke fan sa'n tweintich minsken rjochting it Wartenster Wiid. Dêr leit in pream op ús te wachtsjen, wêrmei't we nei it natuergebiet fearn wurde. Wêr't we earst noch fleurich swaaie nei de minsken dy't lâns it wetter yn Warten genietsje fan in drankje of sitte te fiskjen, genietsje we letter fan de rêst yn it hieltyd stiller wurdende lânskip.
De smûke preamfeart biedt in prima mooglikheid om alle dielnimmers in bytsje kennen te learen. Skipper Jacob fertelt ûnderwilens spûkferhalen oer de Lange Sleat. As we yn de buert fan de yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte Lancaster bommewerper komme, farre we yn alle rêst sûnder motor lâns it monumint dat dêr stiet ta neitins oan de omkommen bemanning. De tocht kin my net lang genôch duorje, mar op in stuit lizze we oan en geane we fan de pream ôf om it aventoer rinnend fierder te dwaan.
© Ontwakend Landschap
By it moaie lânskip en it lûd fan kweakjende kikkerts rinne we yn eigen tempo achter elkoar oan rjochting ús kampemint. It is it briedseizoen, wêrtroch't de natuer net tefolle steurd wurde moat mei ús oanwêzichheid. Der is dêrom keazen om de nacht op in natuercamping troch te bringen, yn plak fan middenyn de natuer in tintsje op te setten. As we oankomme hat de sinne plakmakke foar in krekt-net-folle moanne. Elkenien kiest in tintsje út, dat foarsjoen is fan in luchtbêd, kessen en fleecetekkentsje en nimt noch in lokaal drankje foar it sliepen gean. Tsjin middernacht begjint dan echt it aventoer. It is hearlik om by de lûden fan de nacht yn de sliep te fallen. In neare maaie-nacht, dêr't om healwei fiven op in bysûndere manier in ein oan komt...
© Ontwakend Landschap

Magyske sinne-opgong

Saksofoanklanken ferkringe it sjongen fan de fûgels. Stadichoan rint de muzikant spyljend op syn saksofoan by alle tintsjes op it gersfjild del. Ien foar ien wurde de tintdoeken iepenritst en stekke slûge hollen nei bûten. Yn koarte tiid pakke we ús guod, smarre we ús yn tsjin de miggen en nimme we in krintepofke. Om de sinne-opgong net te missen moatte we om 5 oere wer op 'en paad. De moarn jout wer in hiele oare sfear oan it lânskip. De roken en lûden binne oars as dy fan de nacht derfoar.
Artistyk lieder Marcia de Graaff rint mei in gids fan It Fryske Gea foarop en liedt ús troch it lânskip. Noch foar't we op it plak komme dêr't we de sinne-opgong it bêste sjen kinne, rinne we tsjin in bysûndere ferrassing oan dêr't elkenien fassinearre nei sit te sjen. Wat dizze ferrassing ynhâldt, moat elkenien sels ûnderfine troch mei te dwaan oan de ekspedysje. It is skande om dit te beskriuwen, sûnder de sfear en it gefoel fan dat momint te ûnderfinen.
De sinne-opgong is magysk. Gek ek wol, sjoen it feit dat de sinne alle dagen opkomt en wer ûndergiet. Mar it giet om it momint, hjir en no. We nimme de tiid om yn alle rêst nei de sinne-opgong te sjen. Even nergens oars oan tinke, dan yn it midden fan de natuer dit te besjen. Dêr't we oars gjin tiid foar hawwe of om't it ek in fanselssprekkendheid wurden is.
© Ontwakend Landschap
Foardat we de Alde Feanen ferlitte, hat de gids noch in lêste ferrassing foar ús. We lizze oan by in stikje natuergebiet dêr't we ûnder begelieding en mei hege útsûndering sjen meie. Gewoanwei is dit gebiet net tagonklik foar minsken. En mar goed ek. We sjogge twa reeën boppe it reid útstekken. Dit is har wenomjouwing, dêr't se noch sûnder steurd te wurden har gong gean kinne. En dat jildt net inkeld foar har, mar ek foar de blommen en planten dy't der frij groeie en bloeie kinne. It makket ús allegear mear as dúdlik dat we net allinne dit stikje natuer yn syn wearde litte moatte, mar eins mei alles om ús hinne better rekken hâlde moatte.
Ontwakend Landschap jout ús yndie dy kadootsjes út de natuer, mar freget derom dit te behâlden én der sunich op te wêzen. Ek yn Fryslân, dêr't alles al sa moai is. Dêr't safolle peareltsjes noch net ûntdutsen binne troch de grutte massa, mar dêr't de natuer wol deeglik ûnder druk stiet. Ek ús moaie Fryslân is net frij fan lânskips-en horizoanfersmoarging. It giet hjir minder as oait mei de greidefûgels. Mar it is noch net te let om der wat oan te dwaan. En dat begjint troch echt nei it Fryske lânskip te sjen.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Eigen ûnderfining

Ik ha in geweldige ûnderfining hân en kin it elkenien oanriede. Hoechst net in fanatike kampearder te wêzen of in hiel soad fan de natuer ôf te witten. Lit dy ferwûnderje en wês foaral even stil. Yn in groep hast al gau it gefoel prate te moatten. Ik wol de tip meijaan om dat krekt net te dwaan. Yn rêst genietest mear en foarkomst om te gau oan dingen foarby te gean. Hechtsje wearde oan de ôfspraak om fan 23 oere ôf oant sinne-opgong stil te wêzen.
Miskien is it net ferkeard om neist de sinne-opgong noch in pear mominten te kreëarjen wêrby't de dielnimmers op in plak stil stean kinne en allinne mar sjogge en lústerje. Der binne in soad miggen yn it gebiet, mar mei de goede foarsoarchsmaatregelen hast hjir gjin lêst fan en hearre ynsekten fansels ek by de lânskipsbelibbing. De hiele ekspedysje is goed fersoarge. Fan de tintsjes, oant it smaaklike lokale streekmoarnsbrochje, oant de plezierige lieding en saakkundige ynformaasjefoarsjenning. Koartsein; in weardefolle ûnderfining, ek foar Friezen dy't wol faker yn de Alde Feanen west ha.
Mear ynformaasje oer Ontwakend Landschap is te finen op www.pier21.nl