Remmelt Eldering wurdt coach fan de Kanadeeske reedrydfroulju
Remmelt Eldering is de kommende fjouwer jier bûnscoach fan de Kanadeeske reedrydfroulju op de lange en de middellange ôfstannen. Hy moat derfoar soargje dat der by de Olympyske Spelen yn Peking fan 2022 suksessen helle wurde.
By de lêste Olympyske Winterspelen wie de 36-jierrige Noardburgumer noch coach fan Olympysk kampioene op de fiif kilometer Esmee Visser. Yn it ferline wurke Eldering ek al yn Kanada. Doe trainde hy trije jier lang de regionale talinten fan Winnipeg.
Sy wolle meidwaan mei de wrâldtop.
Remmelt Eldering
Remmelt Eldering
By de Winterspelen yn Súd-Koreä ha de Kanadeeske froulju teloarstellend prestearre. Mei in sechsde plak as bêste resultaat op de middellange ôfstannen. "It wie net goed genôch en oer fjouwer jier wol Kanada meidwaan mei de wrâldtop", sa seit Eldering. "En dêr bin ik ferantwurdlik foar!" Eldering is de opfolger fan bûnscoach Marcel Lacrois.