Patyna nimt soarchbuorkerij yn Haskerhoarne oer

28 maaie 2018 - 09:43

Aldereinsoarchorganisaasje Patyna nimt mei yngong fan it nije jier soarchbuorkerij BoerenBlij út Haskerhoarne oer. Dêr wurdt seis dagen yn de wike oan goed 50 kliïnten út de regio spesjalistyske deibesteging jûn. It giet dan ûnder oare om minsken dy't demint binne en Parkinson hawwe. De meiwurkers fan Patyna komme yn tsjinst by BoerenBlij.

De deibesteging is bedoeld om kliïnten sa lang mooglik de rezjy oer har eigen libben te jaan. Mantelsoargers krije wat mear tiid foar harsels troch de deibesteging. De bisten en de natuer op en om de soarchbuorkerij yn Haskerhoarne, jouwe de kliïnten in soad rêst. De kommende moanen sille beide partijen al yntinsyf gearwurkje.

Op deze manier kunnen wij deze bijzondere vorm van zorg blijven geven.

Eigener Cassy van den Bosch

Eigener Cassy van den Bosch is bliid mei de gearwurking mei Patyna. "Binnen Patyna is er een grote diversiteit en verscheidenheid aan geboden zorg, hier past BoerenBlij uitstekend in."

Meerwaarde

"De visie van BoerenBlij sluit goed aan bij waar we als Patyna voor staan: een organisatie waar we uitgaan van de eigen regie van de cliënt. We zien een duidelijke meerwaarde in de zorg op een zorgboerderij", seit Caroline Smits, manager fan Patyna yn De Fryske Marren.

(advertinsje)