Attraksje Thialf op plak 37

22 jun 2012 - 17:12

Mei in 37e plak is iisstadion Thialf de iennichste Fryske ynbring yn de list mei fyftich populêrste dei-attraksjes yn 2011. Dat hat it Nederlands Bureau voor Toerisme bekend makke.

It iisstadion krige ferline jier 413.500 besikers. Yn de list stean neist sportkompleksen ek attraksjeparken, dieretunen, musea en rekreaasjeterreinen. Krekt as yn 2010 stiet De Efteling op nûmer ien. It miniatuerpark krige mear as fjouwer miljoen besikers yn 2011.

Trefwurden: 
Thialf
(advertinsje)