Grutste diel Friezen hat fertrouwen yn ynstânsjes en yn elkoar

28 maaie 2018 - 08:30
Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) - Foto: ANP

Yn 2017 hie 62 prosint fan de Nederlanners fertrouwen yn de meiminske. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). De sifers yn it súdeasten fan Fryslân komme oerien mei de lanlike sifers, yn it noarden en súdwesten fan Fryslân leit it fertrouwen sels noch wat heger.

It CBS hat ek it fertrouwen fan Friezen yn ynstânsjes ûndersocht en ek dat blykt grut te wêzen. It giet dan ûnder oare om it fertrouwen yn de polityk, yn amtners, banken en grutte bedriuwen. It fertrouwen yn plysjes en rjochters is dêrby it grutst, yn tsjerken it lytst.

Yn East-Grinslân is it fertrouwen yn de meiminske en yn ynstânsjes it lytst. Ek dielen fan Limboarch skoare leech.

Trefwurden: 
CBS fertrouwen
(advertinsje)
(advertinsje)