Kollum: "Bêst Genôch"

28 maaie 2018 - 07:33

"De beste versie van jezelf. Ik kom it hieltyd faker tsjin. Earst op in poster, letter yn in tydskrift en okkerdeis hearde ik it ek al op it wurk. It is it nije boek fan Margriet Sitskoorn, heechlearaar klinyske neuropsychology oan de Universiteit fan Tilburg. Yn it boek fertelt se 'hoe je het volledige potentieel uit jezelf kunt halen'. Mei oare wurden: 'Hoe word je de beste versie van jezelf?'

De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

Nuvere fraach, ast it my fregest. Want hiel earlik: der is gjin bêste ferzje fan dysels. Der binne tich ferzjes fan mysels en allegearre binne se op dat stuit de bêste. Ik kin sa tsien ferzjes fan mysels opneame. Ik bin thús in hiel oar minske as op it wurk. En dan haw ik tsjinwurdich ek noch trije ferzjes fan thús. Alderearst is der thús-thús, by ús heit en mem. Thús by mysels. En thús yn Drachten. En oeral bin ik in oare Nynke. Fansels, gjin dei en nacht ferskil, mar ik doch oars tsjin ús heit en mem as wannear't ik yn Drachten bin.

En as ik allinnich thús bin, kin'k hearlik dwaan en litte wat ik wol. Sketen en boeren litte, yn myn noas peuterje, de hiele dei yn de pyama omrinne, sinas út de flesse drinke, sjips ite as moarnsbrochje en net iepen dwaan as der oanbelle wurdt. Sjoch, dat doch ik by al dy oaren net.

En op it wurk bin ik wer in oare ferzje fan mysels. Dan besykje ik wat profesjoneler oer te kommen, mei in netsjes blûske en it hier yn de kúf. En al bin ik moarns noch sa stiksegrinich út bêd wei stapt, op it wurk sil ik dat nea merke litte. Dy ferzje fan mysels lit ik moai thús. Sa heart dat fyn ik. Thús kinst eamelje en seure, op it wurk gedraachst dy as in leuke kollega.

En trefst my jûns in kear yn de kroech, dan bin ik wér in hiel oare ferzje fan mysels. It hinget der in bytsje fanôf hoe let ast my krekt tsjinkomst en hoefolle bierkes ik al efter de kiezzen haw. Mar ik bin wis net dyselde persoan dy'tst middeis noch op it wurk tsjin it liif rûnst. No haw ik in gesellige dronk, al sis ik it sels. Hoe mear bierkes, hoe mear wille.

Dêr't oare in lilke dronk haw, haw ik in 'lilke sliep'. As ik midden yn 'e nacht wekker makke wurd, dan bin ik nochal in bitch. Doe't ik lêst midden yn de nacht hiel leaf frege waard om asjebleaft paracetamols op te heljen út de keuken, haw'k as in lilk fiskwiif 'Jaaahaaa' roppen. De folgjende deis koe'k it my net mear heuge, mar ik skamme my suver om dy ferzje fan mysels.

Oer skamjen sprutsen. Ik wol mysels ek net altyd werom sjen en hearre as ik by de kant fan it fjild stean by de kuorbalwedstriid. Ek dan trefst wer in hiel oare ferzje fan mysels oan. In fanatike ropper en razer, dy't net altyd like goed tsjin har ferlies kin. Wylst ik no as 'mede-opvoeder' dyselde jûns de bern mei alle wille winne lit by rummikub. Dat fynt dy softe ferzje fan mysels dan wer hielendal prima.

Mei oare wurden: wat is út al dizze ferzjes no de bêste ferzje fan mysels? Neffens my is dy der hielendal net. Hokker ferzje ik ek bin, it past by de situaasje. Ik hâld my yn as dat moat en lit my gean as dat kin. Gjin sweverich gedoch oer myn 'volledige potentieel', doch mar gewoan, sa't wy hjir yn Fryslân sizze. Dat is miskien ek wol in oanrieder foar al dy oaren. Lis dat boek oan de kant en wurd de Fryske ferzje fan dysels. Dat is bêst genôch."

(advertinsje)
(advertinsje)