Kramer ropt boeren en konsumint op biodiversiteit te omearmjen

27 maaie 2018 - 21:16

Om de greidefûgel te rêden, moat de lânbou struktureel feroarje. Mar it lot fan de ljip en de skries leit net alline yn hannen fan de boeren mar fan ús allegear. Dat seit deputearre Johannes Kramer yn reaksje op de minne greidefûgelstân.

Skries - Foto: Henk Bootsma

Dit wykein waard bekend dat der dit jier in fiifde minder meldingen wiene fan de ljip yn fergelyk mei ferline jier. Ek mei de skries it min steld, der binne in fiifde minder teld as in jier ferlyn. Der moat dus war gebeure. Johannes Kramer ropt de boeren op om tenei better te tinken om de greidefûgels. Mar neffens de deputearre is it ek in ferantwurdlikheid fan de konsumint dy't ree wêze moat om mear te beteljen foar biodiversiteit.

(advertinsje)
(advertinsje)