Degradaasje VV Hearrenfean út Haadklasse A, neikompetysje SWS

27 maaie 2018 - 19:59
Foto: Omrop Fryslân

VV Hearrenfean is degradearre út de sneins Haadklasse A. De Feansters ferlearen snein mei mar leafst 10-1 by Purmersteijn út Purmerend en einigje dêrtroch in it ien-nei-lêste plak yn de kompetysje.

Snits Wyt Swart wûn snein mei 4-1 fan Leonidas út Rotterdam, mar dat wie net genôch foar direkt liifsbehâld. Se binne dêrtroch feroardiele ta it spyljen fan neikompetysje om promoasje/degradaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)