Koade giel fanwegen tonger en in protte rein

27 maaie 2018 - 19:31
Foto: ANP

It KNMI warskôget minsken foar stevige ûnwaarsbuien en pleatslik in protte rein. Der kin dêrtroch wetteroerlêst ûntstean. Fierders binne by de buien lokaal hagelstiennen mooglik mei in trochsneed fan twa sintimeter en kinne der wynstjitten oant 60 km yn 'e oere foarkomme. Letter sneintejûn ferdwine de buien wer.

Trefwurden: 
tonger koade giel KNMI rein
(advertinsje)