Partoer Johan van der Meulen wint Gouden Willempartij yn Menaam

© ANP
De Gouden Willempartij yn Menaam is snein wûn troch Johan van der Meulen, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Sy wûnen yn de finale mei 5-1 -6-2 fan it partoer fan Peter van Zuiden, Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong. De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Steenstra waard útroppen ta kening. Syn suster, Nelie, wûn sneon yn Menaam de Gouden Wilhelminapartij.

Comeback

Johan van der Meulen spile snein yn stee fan Gert Anne van der Bos, dy't elk momint in poppe ferwachtet. Van der Meulen wie yn 2016 al ophâlden mei keatsen, mar wûn njonken de Gouden Willempartij fan snein op pinstermoandei ek al de Bûnspartij mei Bitgum.
Partoer Johan van der Meulen wint Gouden Willempartij yn Menaam
Peter van Zuiden foel yn de heale finale yn foar Jelle Attema, dy't in ljiskbluessuere oprûn. Van Zuiden, Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong koene yn de finale oant 1-1 goed meikomme, mar ferlear dêrnei te faak mei 6-6.
Partoer Johan van der Meulen wint Gouden Willempartij yn Menaam