Twa Makkumer bedriuwen krije predikaat 'Hofleverancier'

27 maaie 2018 - 17:30

Kening Willem-Alexander hat twa Fryske bedriuwen beneamd ta 'Hofleverancier'. Hoeksema Kapper en Rinia Fietsen út Makkum krigen it predikaat sneintemiddei by de fiering fan har 125-jierrich bestean. Kommissaris fan de Kening Arno Brok makke dêr it beslút bekend. Fryslân hat no 21 bedriuwen dy't Hofleverancier binne. In bedriuw komt dêr foar yn oanmerking as it op syn minst hûndert jier bestiet, al dy tiid yn famyljehannen west hat en fan in bysûndere betsjutting is foar de regio.

It hûs dêr't Hoeksema Kapper yn Makkum yn sit - Foto: Omrop Fryslân

Durkje Hoeksema is de fjirde generaasje dy't aktyf is by Hoeksema Kapper. Se beheind har dêrby allinne ta knippen. Fervje en permanintsje kin net yn har saak. Se hat in trouwe klanterûnte dy't ek út ynternasjonale besikers bestiet. It ynterieur fan de saak is yn âlde styl behâlden.

Foto: Omrop Fryslân

Rinia Fietsen

By Rinia Fietsen is it ek de fjirde generaasje dy't de lieding hat oer it bedriuw, hjir yn de persoan fan Timen Rinia. Neist de ferkeap fan fytsen, hâldt Rinia him dwaande mei de ferhier derfan. Koartlyn iepene er in twadde saak yn Harns.

Jubileumfiering

Beide bedriuwen fierden har jubileum sneintemiddei, ûnder oare mei in snorrewedstryd en hege hakkerace. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sei by de fiering dat beide ûndernimmers hiel aktyf binne yn it ferieningslibben yn Makkum. Har winkels hawwe in belangrike sosjale funksje yn it doarp.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)