Froulju SC Hearrenfean ferlieze lêste kompetysjewedstriid

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe snein de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern. De ploech gie op it eigen Sportpark Skoatterwâld mei 3-4 ûnderút tsjin FC Twente.
Tiny Hoekstra sette de thúsploech al nei fiif minuten op 1-0 nei in foarset fan Fenna Kalma. Twente kaam op likense hichte troch in goal fan Joëlle Smits. Kalma sette Hearrenfean rap dêrnei wer op foarsprong: 2-1. Nei it skoft kaam Twente sterk werom. Sabrine Ellouzi makke de 2-2, Myrthe Moorrees de 2-3 en opnij Smits de 2-4. Yn de slotminút makke Dayna Schra noch de 3-4, mar in ferlies koene de Feansters net mear foarkomme.

Tredde

Sportklup Hearrenfean einiget yn de kampioensgroep fan de earedifyzje op it tredde plak. De froulju fan Ajax binne kampioen wurden. FC Twente waard twadde.
Fenna Kalma fan SC Hearrenfean yn aksje © Wiegmink Media