UPDATE: Fertraging op it spoar tusken It Hearrenfean en Akkrum is foarby

It stasjon fan It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De steuring op it trajekt It Hearrenfean - Akkrum is wer foarby. Earder snein ûntstie der steuring yn in spoarbrêge by Akkrum. Reizgers koene dêrtroch oerenlang net tusken beide plakken reizgje. De oarsaak fan de steuring is noch net bekend. Sneon wie der ek al in steuring oan deselde brêge.