Swiere lotting foar Sander Arends by debút op Roland Garros

27 maaie 2018 - 15:24

Tennisser Sander Arends mei by syn debút op it grandslamtoernoai Roland Garros fuort flink oan de bak. De Ljouwerter en syn dûbelpartner Adil Shamashdin út Kanada, hawwe de nûmers twa fan de pleatsingslist lotte. Dit binne Oliver Marach út Eastenryk en Mate Pavic út Kroatië. Marach en Pavic stean fjirde en earste op de wrâldranglist foar dûbelspilers. Arends stiet op it 65e plak.

Roland Garros is snein úteinset.

Sander Arends en dûbelpartner Adil Shamashdin - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)