Fryske Frucht Appeltsje foar Johannes van der Wal
Johannes van der Wal út Burgum is de winner fan it twadde Fryske Frucht Appeltsje. It Fryske Frucht Appeltsje is in wurdearring foar minsken dy't yn it ôfrûne jier op in positive wize wurke hawwe oan de bekendheid fan Fryske Frucht. En hjirmei ek fan ynfloed west hawwe op it toerisme yn de Wâlden.
Van der Wal docht al hast twa jier de distribúsje fan it Fryske Frucht apelsop, en is dêrnjonken ek belutsen as ambassadeur. Hy wol nije partijen graach yn de kunde komme litte mei it fruit út de Fryske Wâlden, en it ferhaal hjirachter.
De priis is makke troch keunstner Jan Hooghiemstra, en wurdt alle jierren op it Fryske Frucht Bloesemfeest útrikt troch in boargemaster as wethâlder.