Omke Sibbele wenne en wurke by de Papoea's

Ida Hylkema fan It Heidenskip skreau in boek oer har omke Sibbele Hylkema. Hy is noch mar trettjin jier as er mei in grutte koffer op de bus stapt nei Apeldoorn. Dêr begjint er op it 'kleinseminarie' syn libben yn it teken fan Gods wurd.
Ida Hylkema © Omrop Fryslân
Begjin jierren sechstich giet er nei Papoa-Nij-Guinea dêr't er as misjonaris wurket. Yn de wyldernis leart er de Papoea's kennen. Hy ferdjippet him yn harren kultuer en bestudearret harren taal en tradysjes. Hy sjocht hoe't se omwrakselje mei harren identiteit, mangele tusken de Nederlânske missy en de Yndonezyske oerhearsking. Mar hy moat sels ek fjochtsje tsjin iensumens, frustraasjes en kultuerferskillen.
Ida Hylkema socht har omke op yn 1991 en hat no in boek oer him skreaun. It boek is yllustrearre mei foto's fan Sibbele dy't oan it wurk is mei en tusken de Papoea's. Ida Hylkema (1965) is freelance sjoernalist en skriuwer. Se wennet op It Heidenskip en skriuwt foaral oer de agraryske sektor en oer plattelânsûntwikkeling.
Befolking fan Papoea Nieuw Guinea © ANP
It wie in wize man, mar hy wie ek hiel eigensinnich.
Ida Hylkema
It boek dat Ida Hylkema skreau begjint as in jongesdream mar geandewei docht wol bliken dat Sibbele Hylkema it dreech hie. It wie net in maklike man yn de omgong, hy wie eigensinnich en hie syn eigen ideeën dêr't er oan fêsthold.
© Omrop Fryslân
Skriuwer Ida Hylkema praat oer har boek Pater onder de Papoea's
It boek "Pater onder Papoea's" wurdt sneintemiddei presintearre. It is útjûn by Bornmeer en fan moandei ôf leit it yn de boekhannel.