KWF is driuwend op syk nei frijwilligers yn Fryslân

27 maaie 2018 - 12:39

KWF Kankerbestrijding is op syk nei nije frijwilligers yn Fryslân. Yn de gemeenten de Fryske Marren, Waadhoeke en op Skylge steane de frijwilligersôfdielings ûnder druk.

Foto: ANP

KWF is no benammen op syk nei organisatoaren dy't de frijwilligers-ôfdielings wer op'e nij opbouwe wolle. Mocht dit net slagje dan sil der yn dizze gemeenten net oeral mear de jierlikse kollekte hâlden wurde kinne.

KWF Kankerbestrijding organisearret alle jierren yn de earste wike fan septimber harren kollekte. De opbringst is bestemd foar wittenskiplik kankerûndersyk. Alle jierren ferstjerre der yn Nederlân noch sa'n 45.000 minsken oan kanker.

(advertinsje)