Hurdfytser ferwûne nei oanriding

27 maaie 2018 - 11:41
Foto: SR Fotografie

In hurdfytser is sneintemoarn ferwûne rekke by in botsing op de Lauwers yn Drachten. In automobilist woe fanút de Slinge de Lauwers opdraaie en seach dêrby nei alle gedachten de fytser oer de holle. It slachtoffer bedarre op it hurde asfalt. De fytser is troch it ambulânsepersoniel neisjoen, en neffens tsjûgen dêrnei oerbrocht nei it sikehûs foar behanneling. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok plysje 112
(advertinsje)