Fryske sjoernalist skriuwt science-fiction thriller oer gaswinning

27 maaie 2018 - 10:59

Sjoernalist Erik Betten út Ljouwert hat in thriller skreaun oer de gefolgen fan de gaswinning yn Grinslân. It boek mei de titel 'Quarantaine' is syn debút as thrillerskriuwer. It wurk wurdt tongersdei presintearre yn Grins.

Erik Betten - Quarantaine - Foto: Omrop Fryslân

It boek fertelt net fan de gefolgen fan de gaswinning sa't wy dy tsjinwurdich benammen út de media kinne. Betten hat der in fiktive draai oan jûn: in bakteriële ynfeksje dy't besmette minsken yn Noard-Nederlân ta in soarte fan somby makket. De baktearje komt út ien fan de gaswinningspunten.

Twatalich

It boek is skreaun yn it Nederlânsk, mar guon fan de personaazjes prate Frysk. Dit wurdt yn it boek ek net oerset.

Fragmint út it boek 'Quarantaine'

"Maar hij stond nog niet op zijn benen of Wybe duwde hem weer omver. Hij landde hard op zijn schouder.

'Aanst gean wy fuort, en jo komme mei, Keamerlid.'

Mee? Waarheen? Homme voelde een paniek opkomen. Op het terrein van deze boerderij had hij nog een kansje op overleven, maar zodra deze losgeslagen kerel hem voor zichzelf zou hebben, was hij er geweest."

Betten is sjoernalist en histoarikus en hat yntusken ferskate boeken skreaun ûnder oare oer lânskip en skiednis. Yn 2010 wûn er in Harland Award, en yn 2015 krige er de NCSF priis foar it 'bêste Nederlânsktalige science fiction-ferhaal'.

(advertinsje)