Famylje wiis mei rehabilitaasje Sjouke de Zee

Hy hat hiel wat út de wei set en hat fan grutte betsjutting west foar Fryslân, mar hy is kwealik bekend: Sjouke de Zee fan Jirnsum. No't it LF2018 evenemint "Jirn-summertime" wiidweidich omtinken jout oan him, wurdt der einliks rjocht dien oan Sjouke de Zee. Syn pakesizzer, ek in Sjouke de Zee, is der tige wiis mei. "No is it syn beurt".
De 89-jierrige Sjouke de Zee wit noch goed hoe't hy as lyts jonkje útfanhûze by syn pake yn Hilversum. "Pake siet altyd te skriuwen, altyd yn de boeken". Sjouke de Zee hat in hiel soad boeken skreaun. "Yn it Frysk, mei in kroantsjepinne en mei prachtige kleurige tekeningen derby". It wie in echte keunstner, want tekenje mei in kroantsjepinne is hiel dreech. Der mei gjin streekje ferkeard setten wurde, want útgomje of oerskilderje kin net.
Yn dizze tiid hie er ferneamd west.
Wokke de Zee
Wokke de Zee komt fan Aldeboarn en troude mei de pakesizzer fan Sjouke de Zee. "As hy no libbe hie, hie it in bekende Nederlander west. Dêr bin ik wis fan". Wokke hat har ferdjippe yn it libben fan de pake fan har man. Foaral yn de froulju dy't hy beskreau yn syn boeken oer froulike martelers. "Ik fûn it machtich ynteressant, mar it wie wol dreech dy boeken te lêzen". De Zee skreau fansels yn it âld Frysk en boppedat wiene it hânskreaune boeken. It hânskrift wie niet altyd like maklik te ûntsiferjen.
Foto fan Sjouke de Zee © Omrop Fryslân

Fryske taal

Njonken syn skriuwerij en tekenerij, wie Sjouke de Zee ek aktyf as Menniste-preker en politikus. Hy wie oertsjûge sjosjalist en woe as earste Fries Frysk prate yn de Steaten. Dat waard him ferbean troch de kommissaris fan de Keninginne. Hoewol't hy antimilitarist wie, gie hy wol nei de Fryske soldaten ta dy't yn de earste wrâldkriich legere wiene yn Vianen.
Grou it folksliet, Jirnsum de flagge.
Ed den Dulk
De Zee fertsjinne syn jild mei in manufaktueresaak yn Jirnsum. Hy soarge derfoar dat de Fryske flagge sa't wy dy no kenne, op in profesjonele wize makke waard en erkend waard as de offisjele provinsjale flagge. Ed den Dulk út Jirnsum kaam hjir achter doe't er him ferdjippe yn de histoarje fan Jirnsum. Dit gegeven makke him nijsgjirrich nei de figuer Sjouke de Zee. "It wie krekt skatgraven. Hoe mear ik my der yn ferdjippe, hoe mear der boppe wetter kaam oer him. It wie in hiel bysûndere man".

Sintraal figuer

Ed den Dulk en oaren fan de organisaasje besletten om dizze bysûndere Jirnsumer sintraal te stellen yn it evenemint Jirn-summertime dat kommende wike yn Jirnsum plakfynt.
Harkje nei in reportaazje oer Sjouke de Zee