Ljouwerter oanhâlden om't er noch DNA ôfstean moast

27 maaie 2018 - 08:11

Op de Nijstêd yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in man fan 30 út de stêd oanhâlden. Hy waard fia kameratafersjoch herkend as in persoan dy't noch DNA ôfstean moast. De Ljouwerter joech in falske namme op en koe him net legitimearje. Dêr krige er in boete foar. Ek die bliken dat er noch 77 dagen selstraf útstean hie. Dy is fuortendaliks yngien.

Trefwurden: 
plysje 112
(advertinsje)