Julius moast 14km foar Alvestêdefinish belies jaan: "Het was klaar"

27 maaie 2018 - 07:49

Ultrarinner Julius van der Werf út Ljouwert moast ferline wike op 14 kilometer foar de finish fan de Alvestêde Ultrarun opjaan. "Ik was zeker van mijn besluit. " Van der Werf is ien fan de 39 ultrarinners dy't de útdaging oangien binne. Njoggentjin fan harren hellen de finish, tweintich net. "Ik had nog nooit zo'n afstand gelopen. Ik had 210 kilometer gelopen, dan is het ook genoeg geweest."

Julius van der Werf ûnderweis - Foto: Omrop Fryslân

En ek al hat Van der Werf de finish net helle, de Alvestêde Ultrarun wie neffens him in feest. "Vooral het stuk in Leeuwarden. Bij het Europaplein stonden wel 80 bekenden op mij te wachten. Wel jammer dat je niet uitgebreid met ze kan kletsen. Maar het was een groot feest!".

De Ljouwerter Ultrarunner is dêrom hielendal net teloarsteld dat er de finish net helle hat. "Op dat moment neemt je een beslissing die eigenlijk al zo'n 40 kilometer in je hoofd zit. Het gaat steeds slechter, zo slecht dat je eigenlijk niet meer gewoon kan lopen. Ik nam nog een rustpauze van een kwartier. Maar als het dan ook niet beter gaat, dan moet je gewoon stoppen."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld sjocht mei Van der Werf werom op de Alvestêde Ultrarun.

Volgende week doe ik weer mee met de training.

Julius van der Werf

De ôfrûne dagen gie it opknappen by Van der Werf bêst. "De dag erna was ik wel moe. Maar ik heb alweer wat gewandeld en volgende week doe ik weer mee met de training". Van der Werf is wiis mei syn team. Hy hat by de run in soad stipe hân fan syn ploechgenoaten. At der yn de kommende seis jier nochris in Alvestêde Ultrarin hâlden wurdt, wol Van der Werf graach wer meidwaan as er ek dan yn foarm is.

(advertinsje)