Thewis Hobma wint fierljeppen It Heidenskip

26 maaie 2018 - 22:49
Thewis Hobma - Foto: Martin de Jong

Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn foar de tredde kear dit seizoen in fierljepwedstriid wûn. De klassemintslieder wie by de wedstriid foar senioaren op It Heidenskip oermachtich mei in sprong fan 19.91 meter. It twadde plak wie foar Hannes Scherjon fan Noardburgum mei in sprong fan 19.51 meter. Tredde waard Nard Brandsma fan Warkum mei 19.22 meter.

Seizoensrekôr Akke Dijkstra

By de froulju gie de winst nei Akke Dijkstra fan Kollum. De klassemintslieder sprong yn de finale nei in nij seizoensrekôr fan 15.39 meter. Sigrid Bokma út Hylpen ljepte 14.28 meter en waard dêrmei twadde. Anneke Broersma út Lemelerveld (Oer.) sprong 13.62 meter en waard tredde.

Junioaren

Freark Kramer wûn by de junioaren yn syn eigen wenplak. Hy ljepte nei 17.45 meter. Jarich Wijnstra fan Tsjom waard twadde yn 17.00 meter en Jarno Hoekstra út Drylts pakte it tredde plak mei 16.26 meter.

Jonges

By de jonges gie Rutger Haanstra fan It Heidenskip mei de winst oan de haal. Hy sprong 15.88 meter, It twadde plak wie foar Wisse Broekstra fan Tsjummearum (14.93 meter) en tredde waard Abe-Luuk Stedehouder út Drylts (14.74 meter).

Famkes

Bente Vlas út Heech wie de winner by de famkes. Sy ljepte nei 14.07 meter. Femke Rispens fan Niehove (Gr.) waard twadde mei 13.51 meter. Pytrix Westra út Burgum pakte it tredde plak mei 12.96 meter.

(advertinsje)