Nyck de Vries bliuwt puntleas yn F2 Monako

26 maaie 2018 - 21:31
Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Autokoereur Nyck de Vries hat sneon gjin punten pakt yn de sprintrace fan de Formule 2 yn Monako. De 23-jierrige Twellingeaster starte efteroan, mar syn bolide wegere tsjinst en hy kaam gjin meter foarút.

Grutte ynhelrace

Nei't syn team de auto dochs oan de praat krige, begûn De Vries oan in grutte ynhelrace. Hy ried út de efterhoede wei noch nei it njoggende plak yn in race fol mei crashes, oanridingen en safetycar-situaasjes. De Vries bleau troch it njoggende plak lykwols krekt bûten de punten.

Foarige races

Freed foel De Vries út nei in botsing, wylst er yn de kwalifikaasjes tige rap west wie.

Ik was de snelste van het weekeinde, maar heb nul punten

Nyck de Vries

Nul punten

De Vries baalt fan syn pechwykein: "Ik was de snelste van het weekende, maar heb nul punten." Hy sakket yn de WK-stân nei it sechsde plak. Foarich jier wûn De Vries yn Monaco syn earste Formule 2 race.

(advertinsje)