Drokke en waarme edysje Frysk Strjitfestival

26 maaie 2018 - 21:00
Frysk Strjitfestival - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

In drokke en waarme edysje fan it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert. Tûzenen minsken genieten sneon fan in ferskaat oan teätrale akts. De haadakt wie diskear La Fabrique Royale, in groep freerunners út Frankryk, dy't fan gebou nei gebou sprongen.

Op it grutste evenemint fan Ljouwert moasten besikers harren goed ynsmarre, want de sinne wie der flink by. Ek warskôge de organisaasje om net tefolle alkohol te drinken fanwegen de waarmte.

(advertinsje)
(advertinsje)