Partoer Nelie Steenstra wint Gouden Wilhelminapartij yn Menaam

26 maaie 2018 - 19:57
It winnende partoer yn Menaam - Foto: Henk Bootsma

Yn de haadklasse frije formaasje foar froulju is sneon de Gouden Wilhelminapartij yn Menaam wûn troch it partoer fan Nelie Steenstra. Tegearre mei Harmke Siegersma en Margriet Bakker, wie Steenstra yn de finale mei 5-4 6-2 te sterk foar it partoer fan Nynke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra. De lytse preemje wie foar it partoer fan Marije van der Meer.

Harmke Siegersma waard útroppen ta keninginne yn Menaam.

(advertinsje)
(advertinsje)