Samenloop voor Hoop Eastermar bringt 70.000 euro op

De Samenloop Voor Hoop yn Eastermar hat mei-inoar in bedrach fan 70.000 euro opsmiten. Dat hat de organisaasje sneontemiddei bekend makke. By de aksje waard der 24 oeren yn estafettefoarm kuiere foar it goeie doel, it KWF Kankerfonds.
Der diene santjin teams mei oan de Samenloop. Bern diene sneontemiddei in kuier fan 24 minuten. Dat smiet 1.635 euro op. De Samenloop voor Hoop wurdt de kommende tiid ek noch yn Frjentsjer, It Amelân en yn Drachten hâlden.