UPDATE: Treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean ride wer
De steuring op it spoar tusken Ljouwert en It Hearrenfean is wer foarby. De treinen ride wer normaal. Earder sneontemiddei wie der neffens de NS in defekte spoarbrêge, wat foar it nedige opûnthâld soarge. Om hokker brêge it gie, waard net sein.