Harkemase Boys ferliest lêste kompetysjewedstriid

26 maaie 2018 - 16:51

Harkemase Boys hat it seizoen ôfsletten mei in ferlies. Yn de lêste kompetysjewedstriid wie ASWH op sportpark De Bosk mei 2-1 te sterk foar de Harkiten. Foar Harkemase Boys stie der neat mear op it spul yn dizze lêste wedstriid. De ploech fan trainer Henk Herder wie al wis dat it takom jier opnij útkomt yn de tredde difyzje.

ASWH kaam nei tritich minuten spyljen op foarsprong troch in goal fan Kyle Doesburg. Krekt foar it skoft soarge Jorco van Hezel foar de lykmakker foar Harkemase Boys. Yn de twadde helte makke Kyle Doesburg syn twadde fan de middei foar ASWH. Dy efterstân koene de Harkiten net mear goedmeitsje.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)