Liifsbehâld foar ONS Snits yn tredde difyzje

26 maaie 2018 - 16:35

De fuotballers fan ONS Snits spylje ek takom jier yn de tredde difyzje. De ploech fan trainer Chris de Wagt moast sneontemiddei op besite by Jong FC Grins winne, of hoopje dat konkurrint Capelle net wûn tsjin Spijkenisse. Hoewol't Snits mei 1-0 ûnderút gie yn Grins, ferlear Capelle ek. En dus is ONS nei in tige spannende slotdei wis fan liifsbehâld yn de tredde difyzje.

Snits kaam yn de earste helte op efterstân. David Brown skoarde de 1-0 foar Jong FC Grins en beide ploegen giene mei dy stân it skoft yn. Yn de twadde helte giene de Snitsers op syk nei de lykmakker. Ale de Boer wie tichtby de 1-1, mar syn ynset belâne op de peal, sadat úteinlik mei 1-0 ferlern waard.

It wie de lêste wedstriid fan trainer Chris de Wagt, dy't oerstapt nei SC Hearrenfean. Paul Raveneau is takom seizoen de nije trainer fan ONS.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Snits
(advertinsje)
(advertinsje)